Uit de gemeente

Ombouw jûnsmieltafel.

By de tariedings fan de ferkeap en slúting fan ús tsjerkegebouw De Bining oan de Langgrousterwei kaam ek de jûnsmieltafel meardere kearen yn ferskillende oerlizzen ter sprake.

Troch de ôfmjitting fan de tafel fan 120×295 cm wie dizze net geskikt foar gebrûk yn de St Cecilia tsjerke.

It lytser meitsjen wie folgens it college eins net mooglik.

Yn it moderamen kaam it ek ter sprake en ik ha doe sein dat je mei een skerpe seage al en hiel ein komme soenen. 

Der is ek noch sprake west om de tafel by ferkeap fan de tsjerke stean te litten.

Omdat it college dat eins gjin optie foun hat Djoke Wilman my frége at ik der ljocht yn seach om self de tafel oan te pakken.

Ik ha dat op my naam en Jan Hoekstra, wêr’t ik mei yn de Diakonie sit, frége at we it tegearre dwaan koenen omdat die een lange timmerúnderfyning hat en ik mear de man fan it papier bin. Ek it hantearjen fan it leadswiere blêd wie mei ien persoan eins net te dwaan.

De lêste snein dat der tsjinst wie yn de Bining wie 28 juni 2020. De moandeis dernei ha Theo Dorhout en Herwin Hoekstra de tafel by my thús brocht.

Sa wie de âlde tafel

Ik hie yntusken al wat betocht en ha dat deselfde moandeitejoun foarlein oan een diel fan it college tiidens een informeel oerliz yn de St. Cecilia.

Myn plan wie om it blêd koarter en smeller te meitsjen en de besteande krúspoaten sa te litten. It úteindelike blêd soe dan út twa smelle gedieltes bestean dy’t as jûnsmieltafel ien gehiel foarmje.  De helft soe dan brûkt wurde kinne as smelle tafel foar at der gjin jûnsmiel is. 

Foar de smelle tafel soe dan noch een ny ûnderstel makke wurde.

De lengte is toen bepaald op 2.4 meter en de breedte 1 meter.

Der is doe ek noch oer de kleur praat mar dat soenen we yn oerliz mei Durk Slager dwaen.

De dagen dêrnei ha’k alle ûnderdielen goed skjirre sadat de laklaag derôf wie en bin ik wakker oan it puzzeljen west hoe’t ik it sa foardelig mooglik oanpakke koe.

Sketsen as foarbereiding foar de oanpassings.

Op de freedtemoarn dêrnei kaam Jan by my om te sizzen dat er it drok hie mei de ombouw fan de Terp nei tiidelike skoalle en eins net oan de tafel takaam.

Ik ha him doe myn plannen sjén litten en hy tocht dat it wol goed kaam.

Ik skytskoarre der al wat tsjinoan om sa’n grut stik ikehout te ferseagjen mar nei it oerliz mei Jan doarst ik de seage der wol ynsette en gie it hast as fansels.

Trochseage blêd langsrjochting

Trochseage blêd oerdwers

De stikken dy ’t oerbleaunen nei it seagjen wienen een stik blêd fan 17×295 cm en twa stikken fan 50×45 Die stikken hat Jan by bouwbedriuw Holwerda troch de Vandiktebank dien om se rounom glêd en flak te meitsjen.

Die ha’k doe brûkt foar it meitsjen fan de twa poaten fan de smelle tafel.

Poaten yn de lymklemmen

De trekbalke tussen de krúspoaten is minder heech makke en ynkoarte om ûnder de koartere tafel te passen. De ôfseage dielen hjirfan bin op nij brûkt foar it opdikjen fan de ôfseage langskant fan it blêd yn it midden fan de tafel.

De nije tafel foar it jûnsmiel

De smelle tafel.

Tiidens de fekânsjetiid ha de ûnderdielen by my yn de skuorre stien.

Neitiid ha’k mei help fan Jappie Poutsma de ûnderdielen yn de St. Cecila sjowt wêrt een goed wike letter de kleur bepaald is. Sa blank mogelik en net glimmend.

Durk Slager hat de dei dernei de tafelûnderdielen en de Pearskekearssteander ophelle en soarget foar een goeie beskerming en ôfwerking.

Oant safier dit epistel.

Grútnis, Marten Rispens